Geweldige funksjes meitsje it learen
en ûnderwizen fan koade skriuwe ienfâdich en aardich

Thimble is in koade-bewurker fol funksjes dy't streekrjocht yn de browser wurket. It is ûntwurpen om nije koadeskriuwers harren eigen websites en webbasearre projekten helpe te meitsjen mei help fan HTML, CSS en JavaScript. Alles wat jo nedich hawwe, is tichteby, wêrtroch jo (of jo klasselokaal) sa gau as mooglik starte kin.

Al mei al befettet it in koade-bewurker, webserver, webbrowser en ûntwikkelershelpmiddelen – en, it is fergees!

Besjoch daliks jo wizigingen

Meitsje en eksperimentearje flugger mei it Livefoarbyld. Dit toant daliks de wizigingen yn jo koade.

Remiks besteande Thimble-projekten

Befalt in bepaald Thimble-projekt jo? Pas it oan om jo eigen ferzje te meitsjen. Jo kinne jo projekt ek nei freonen of studinten stjoere – wat kinne sy derfan meitsje?

Handige koadefragminten

Wurkje flugger troch gebrûk te meitsjen fan in handige list mei koadefragminten yn HTML, CSS en JavaScript, dy't jo yn jo koade opnimme kinne.

Ynboude JavaScript-console

Wurkje jo oan wat JavaScript? Mei de yn Thimble ynboude console kinne jo makliker as ea jo koade teste en flaters opspoare.

Foegje bestannen ta en behear se

Thimble wurket as in echt webprojekt; jo kinne jo eigen bestannen meitsje, omneame, fuortsmite en sels oplade.

  • Download in .zip fan jo projekt en besjoch dit fan jo hurde skiif ôf
  • Sleep bestannen fan jo kompjûter nei Thimble

Doch it ljocht oan en út

Thimble is beskikber mei in donker en in ljocht tema, dus kies wat jo it bêste befalt. Jo kinne ek oare opsjes wizigje, lykas de tekstgrutte.

Folgje en meitsje ynboude hantliedingen

Projekten kinne hantliedingen hawwe dy't jo (of jo learlingen) helpe by it learen wylst jo wizigingen oan projekten oanbringe.

Besjoch koadehints wylst it typen

Rin net fêst wylst jo alderlei rigels en opmaak probearje te ûnthâlden. Thimble jout jo hints by HTML-, CSS- en sels JavaScript-bestannen.

Bewurkje CSS daliks yn jo HTML-siden

Skriuw CSS-stilen foar jo eleminten sûnder de HTML-side dy't jo bewurkje te ferlitten. Pleats de tekstcursor op in elemintlabel en druk Cmd/Ctrl+E om CSS-stilen te skriuwen.

Publisearje fluch projekten nei it web

Jo kinne jo projekten mei ien klik nei it web publisearje. Letter kinne jo, as jo wizigingen oanbringe, jo projekt ienfâldichwei bywurkje.

Kies kleuren daliks yn de bewurker

Pleats de tekstcursor op in kleurwearde yn in CSS-bestân en druk Cmd/Ctrl+E om de kleurekiezer te iepenjen.

Test jo projekt op in mobyl apparaat

Troch nei de mobile foarbyldmodus te wikseljen, kinne jo jo wurk op in smel apparaat besjen. Skeakel dêrnei it folsleinskermfoarbyld yn om it gruttere gehiel te sjen.

Fyn fluch HTML-eleminten

Skeakel de DOM Inspector yn en pleats jo mûsoanwizer boppe ferskate eleminten yn it foarbyld. Thimble aksentuearret de relatearre koade yn de HTML-bewurker.

Ofbyldingsfilters

Foegje wat grappichs ta oan jo projekt troch filters oan jo ôfbyldingen ta te foegjen. Katten hawwe der noch nea sa goed útsjoen!

Meitsje in selfie

Foegje jo portretfoto ta oan siden wêroan jo wurkje mei it selfiehelpmiddel fan Thimble – it brûkt de webcam fan jo kompjûter. Begjin gewoanwei it label <img src= yn jo HTML-side te typen, en der ferskynt in prompt.