Nijsgjirrich nei open source?
Help ús Thimble te bouwen en te ferbetterjen!

In probleem melde In ‘Goede earste bug’ fine om oan te wurkjen

Wêrom bydrage?

  • Jo wurk hat ynfloed op brûkers wrâldwiid
  • Bou weardefolle ûnderfining en mentorskip op
  • Stypje Mozilla’s missy fan in iepen ynternet foar elkenien
  • It fielt goed!

Thimble is in opensource-projekt dat makke is troch de Mozilla Foundation yn gearwurking mei CDOT oan it Seneca College. Fan it begjin ôf spylje meiwurkers fan de hiele wrâld út in wichtige rol yn it sukses.
It is echt in ynternasjonaal projekt, dat nei 33 talen oerset is (mei noch 100 yn de maak) en troch learlingen yn mear as 200 lannen brûkt wurdt.

Gjin bydrage is te lyts

Bydragen fan alle feardichheden en eftergrûnen binne wolkom. Jo hoege gjin betûfte programmeur te wêzen; mear as de helte fan ús meiwurkers is sels learling. Jo kinne lyts begjinne; meld in probleem om…

  • In bug, probleem of typeflater te melden
  • In wiziging, nije funksje of begjinnersprojekt oan te freegjen
  • Kommentaar efter te litten

Toe mar, meld in probleem!

As jo jo avontuerlik fiele, sjoch dan ris yn ús ûndersteande GitHub-repository’s.